Deze week tref je de bijdrage van Tietja Visser – van der Veen.Deze is geheel in het Fries en er is besloten om daar geen Nederlandse vertaling bij te zetten. Als je het Fries niet machtig bent, of het matig beheerst, een aanmoediging om deze bijdrage in ieder geval tóch te proberen te lezen. Tietja schreef een boeiend verhaal !Het stokje in de drie-wekelijkse bijdrage van huidige koorleden is doorgegeven aan ons jongste koorlid Sofie van Loon.Volgende week komt mede-oprichter Johan Heddema aan het woord.

Werd je nog niet gevraagd en vind je het leuk om jouw verhaal of foto’s met al die oud Sjammasj’ers te delen, mail dan naar Anne: annedijkstra58@gmail.com


Terug naar overzicht

Bêste leden en âld-leden,

In wike lyn frege Anne Dijkstra my oft ik wol in stikje skriuwe woe foar it digitale moetingsplein en oft ik dat dan wol yn it Frysk skriuwe koe. Om’t ik al mear dan tritich jier by de Afûk wurkje, moat dat wol slagje. No sit ik wol wat mear yn de sifers, mar foarút. Dus ik hâld it leechdrompelich, sprek-Frysk en ik hoopje dat jim it wat folgje kinne.

Ik bin lid fan it hjoeddeistige Sjammasj, lykwols bin ik ek in âld lid. No bin ik sopraan, doe wie ik alt. It begûn foar my allegear yn 1989. Yn oktober frege myn freondinne my mei nei Sjammasj. Dy earste kear wie ik net sa ûnder de yndruk. Ik wie net went oan gospelmuzyk en al hielendal net oan mearstimmich sjongen. Om’t wy net sa heech sjonge woene, stiene wy tegearre by de alten. Dat fûn ik earst bêst lestich. Nei noch in pear repetysjes wie ik hielendal om. Ik mocht thús altyd al graach sjonge, mar dit wie foar my in hiele moaie en nije útdaging. Freeds nei de repetysje gie ik fuort mei de nije muzyk oan de slach en koe ik hast net wachtsje oant it wer freed wie. En dêr kaam noch by, dat wy sa no en dan meiwurking ferliene mochten oan in tsjerketsjinst. It moaiste fûn ik en fyn ik noch altyd, dat je yn ferskate gemeenten en yn safolle moaie tsjerken komme. Sjammasj hat, tink ik, der foar in grut part foar soarge, dat ik tsjerklik bleaun bin. 😊

Yn myn earste jierren stie Guus Tomeij foar it koar. Mei him hawwe wy, ûnder oare, de musical “The lightbrigade” ynstudearre en ien kear útfierd. Dêrnei hat Zwaanette Dijkstra it stokje oernaam. Mei har hawwe wy noch folle mear musicals en projekten dien. By in gospelkonkoers yn Zeewolde, hiene wy 1 studiodei wûn. Yn 1998 wie it safier en hawwe wy de cd “Glimpse” yn Veenendaal opnaam. Wat wiene dit bysûnder moaie mominten. Sa meielkoar sjonge, skept in bân. Yn de jierren `90 wie gospelmuzyk populêr. Wy hiene op in bepaald stuit sels in ledestop. Dat kinne wy ús no hast net mear foarstelle. Wat soene wy no graach wat mear leden hawwe wolle.

Yn 2004 bin ik troud en doe bin ik, nei 15 jier, stoppe mei Sjammasj. Der kamen oare dingen op myn paad. In oantal kearen ha ik, tegearre mei myn man, meisongen yn Ingelân mei “Schola Liturgica”. Dat is in projektkoar dy’t, yn stee fan it pleatslike thúskoar, de deistige evensongs sjonge mei yn Ingelske “Cathedrals”. Myn skoansuster is de dirigint. Der sjonge meastentiids ek mear famyljeleden mei, dus is it foar ús altyd wol in “famylje-happening”. De Ingelske-Anglikaanske koarmuzyk is wol in hiele oare tak fan sport.

Yn 2007 krigen wy in dochter en yn 2010 is ús twadde dochter berne. Fansels koe ik it sjongen net litte. Ik kaam yn 2011 by it popgospelkoar “Loft”. Dat is in frouljuskoar en ik kryg nei in stimtest de stimpel ‘sopraan’. By dat koar trof ik ek in pear âld-Sjammasj-er’s. Popgospelmuzyk is moai, mar ik miste wol in sprankje. Doe’t Sjammasj yn 2013 in Krystoptreden stean hie, waard ik troch myn freondinne frege oft ik “adhoc” meisjonge woe. Sa ha ik trije jier allinne meidien mei de Krystoptredens. Mar eins wie ik alwer ferkocht. Ik fielde my sa wolkom en thús by Sjammasj. Dit kaam ûnder oare ek, om’t der mear âld-leden wer werom wiene. Yn 2016 ha ik de knoop trochhakt en ha ik “Loft” opsein. Sûnt dy tiid bin ik wer definityf lid fan Sjammasj. Mei ús dirigent Piet Marinus binne wy, sûnt juny fan dit jier, wer mei in nij projekt “Out of the box” op ‘n paad. Dat jout ek wer in hiel soad foldwaning.

Dit is myn ferhaal yn fûgelflecht. En dan ha ik it noch net iens hân oer alle Sjammasj-wykeinen en kommisjes. Wat hawwe wy mei syn allen in protte meimakke yn al dy jierren. Ek al giet it somtiden mei “ups en downs”. En dan tink ik ek even oan de twa koroanajierren, dy’t achter ús lizze. Hielendal net sjonge meie! Wat wie dat in straf! Ik hoopje dat wy no en nei it 50-jierrich jubileum noch in hiel skoft sa meielkoar sjonge en muzyk meitsje meie.

Ik sjoch út nei in noflik wersjen mei leden en âld-leden op 16 maart 2024. Oant dan!

Tietja Visser-van der Veen